Nieuws

kerst 2024

Wij wensen u allemaal fijne kerstdagen en een heel goed 2025! Team CBS De Winde

(Bron Trefwoord, fryske fertaling Aaltsje)

De ljochtfolger

Ik bin in folger fan it ljocht

It ljocht fan de moanne en de sinne

En sels mei myn eachen ticht

sjoch ik de stjerren skinen

Mar ljocht is ek yn dy

In blidens en fertriet

Yn dyn hoop, leauwen of winsken

Yn in ferhaal of liet

Ik folgje it ljocht , al hoe fier

Ik folgje it ljocht, in tiden swier

Ik fûn it ljocht yn safolle dingen dy’t ik seach

yn it ôfrûne jier

Twa sêfte earms om my hinne

Myn leave kat wêr’t ik sêft tsjin praat

In moaie skelp, in glêde stien

binne ljochtsjes op myn paad

In gesellich en ûnferwacht petear

It ljocht is oeral

In ding, in plak, in minsk

In berntsje yn in stâl

Ik bin in folger fan it ljocht

It ljocht fan dei en nacht

Ik hoop dat ik mei dizze wurden

ek dy in ljochtsje brocht…

Dit gedicht wordt in het Nederlands voorgedragen tijdens de kerstviering 2024.