kerst 2024
Wij wensen u allemaal fijne kerstdagen en een heel goed 2025! Team CBS De Winde (Bron Trefwoord, fryske fertaling Aaltsje) De ljochtfolger Ik bin in folger fan it ljocht It ljocht fan de moanne en de sinne En sels mei myn eachen ticht sjoch ik de stjerren skinen Mar ljocht is ek yn dy In blidens en fertriet Yn dyn hoop, leauwen of winsken Yn in ferhaal of liet Ik folgje it ljocht , al hoe fier Ik folgje it ljocht, in tiden swier Ik fûn it ljocht yn safolle dingen dy’t ik seach yn it ôfrûne jier Twa sêfte earms om my hinne Myn leave kat wêr’t ik sêft tsjin praat In moaie skelp, in glêde stien binne ljochtsjes op myn paad In gesellich en ûnferwacht petear It ljocht is oeral In ding, in plak, in minsk In berntsje yn in stâl Ik bin in folger fan it ljocht It ljocht fan dei en nacht Ik hoop dat ik mei dizze wurden ek dy in ljochtsje brocht… Dit gedicht wordt in het Nederlands voorgedragen tijdens de kerstviering 2024.